Elske din datter
auck peanstra
koperative útjowerij, 2002

Elske din datter is de earste roman foar folwoeksenen fan Auck Peanstra, dy’t dêrfoar al alve berneboeken skreau. De titel is Deensk foar ‘Hâld fan dyn dochter’. Tagelyk is Elske de namme fan de haadpersoan, in mem mei in puberdochter, dy’t har eigen mem nea kend hat en nei har bernetiid yn Grou it kontakt mei har heit kwytrekke is. As se troch in rou-advertinsje yn de krante útfynt dat har heit ferstoarn is, komme de herinneringen boppe, hielendal as se twa deiboeken fan har heit yn hannen krijt en se mear te witten komt oer har âlden.

Oaren oer dizze titel
Sietse de Vries, LC 06-09-2002 (fraachpetear)
Jabik Veenbaas, LC 20-09-2002