Om it libben
harmen wind
útjouwerij fryslân, 2008

Maaike de Vries wennet op har 21ste noch by har heit yn. Hy is in pensjonearre skoalmaster en widner. Maaike har broer Sytze wennet al in moai skoft op himsels. As se har heit fertelt dat hja ferkearing hat mei Jurjen is hy dêr net sa wiis mei, benammen net om’t dy nochal wat âlder is as syn dochter. Broer Sytze keapet in âld spultsje en heit sil helpe mei de ferbouwing. Op in moarntiid wurdt de heit dêr fûn. Hy is deasketten. Maaike byt har fêst yn de moardsaak en besiket út te finen wa’t de dieder is. Se komt dêrby ta oare konklúzjes as har broer en de polysje. Dizze roman is in detektiveroman mar tagelyk in ferhaal dat sjen litte wol hoe’t minsken elk har eigen wierheid ha.
Om it libben is ûntstien yn de skriuwersarke, in earder hinnekommen fan Rink van der Velde op 'e Feanhoop. Doe't er de put der omtrint út hie, waard de skriuwer slim siik. De sykte hold him sawat njoggen moanne bûten bedriuw mar doe koe er it ferhaal dochs noch ôfmeitsje.

Oaren oer dizze titel
Jetske Bilker, LC 15-08-2008
Elske Schotanus, op de Moanne 01-09-2008
Teake Oppewal, Sirkwy - 2009