In kâld keunstje
r.r. van der leest
koperative útjowerij, 2003

In kâld keunstje is it sande en lêste diel fan de rige oer Dynte Planteit en Nier Hinnebruier, it speurdersduo dat hyltyd wer nije aparte avontoeren belibbet, yn Van der Leest syn wrâld fol taalgrapkes en boarterij mei it perspektyf. De ferhalen besteane by de graasje fan de foarm, de ynhâld is minder fan belang.
Van der Leest begûn oan de Nier en Dynte-rige yn 1969 mei Komme dy kepers?. It sechde diel Frouljusgambyt wie al fan 1986. Hy woe eins altyd noch in sande diel skriuwe, sadat er likefolle 'detectives' op syn namme te stean ha soe as Raymond Chandler, ien fan syn foarbylden.
It soarte fan proaza dat Van der Leest skriuwt yn syn Nier en Dynte-rige waard foar it earst breedút brûkt troch de Ingelske skriuwer Laurence Sterne yn syn klassyk wurk Tristram Shandy, dêr't yn de flaptekst fan In kâld keunstje oer sein wurdt: 'Yn gjin oare roman wurdt de lêzer sa faak en sa kostlik foar de kroade riden - dat wol sizze, as er it spul meispylje wol. Wa't soks net wolle, binne gewoan de lju dy't om de iene of oare reden net fan it boek hâlde.' De hint is helder: soks jildt fansels ek foar de boeken fan Van der Leest.

Oaren oer dizze titel
Jabik Veenbaas, LC 22-02-2002
Sietse de Vries, Fraachpetear mei de auteur, LC 17-03-2006