Listen fan goaden en bisten
ferskate auteurs
bornmeer, 2001

By gelegenheid fan it 125-jierrich bestean fan de Buma Biblioteek skreauwen fiif Fryske auteurs in fabel mei in knypeach nei de klassiken - of oarsom. It waarden ferhalen oer de moaie Helena, de allike moaie Psyche, in smycht, in hillige en de moraal, in foks op beafeart en in blanke man yn tsjuster Afrika dy't op jacht is nei de ienhoarn en op Harry Barry traktearre wurdt. Jabik Veenbaas skreau in ynlieding oer de fabel yn 'e Fryske literatuer. De libbensechte yllustraasjes waarden tekene troch Pico van de Werken en Gert Jan Slagter makke der ien gehiel fan. De fiif auteurs binne Jetske Bilker, Lida Dykstra, Eric Hoekstra, Meindert Talma en Mindert Wijnstra.

Oaren oer dizze titel
Asing Walthaus, LC 23-11-2001
Elske Schotanus, Kistwurk V 2002 en op eigen webside