De beam fan belofte
GERRIT DAMSMA
frysk en frij, 2001
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
De beam fan belofte is in dokumintêre histoaryske roman oer it wjerfarren fan (âld)emigranten en har neiteam. Yn 1847 emigrearre in grutte ploech Friezen ûnder lieding fan dûmny Marten Annes Ypma nei de steat Michigan. Se hiene in dream! Amearika wie it lân fan frijheid, romte, wurk en wolfeart. In drege reis fan hast trije moannen. Djipwei yn it oerwâld kappen se har in nij wenplak: Vriesland. It wie in striid op libben en dea. De delsettingen yn 'e Nederlânske koloanje waarden dan ek boud 'on the bones of the founders', op 'e bonken fan 'e bouwers. Nei de earste swiere jierren klauden de Fryske pioniers wat by de wâl op en waard it wâld iepenlein foar ikkerbou en fee. It wiene yngreven trochsetters, dy't út it neat in nij bestean wisten op te bouwen.
Oaren oer dizze titel
Fedde Dykstra, fraachpetear mei skriuwer, LC 07-12-2001 diel 1 en diel 2
Ferslach oanbieding, FD 08-12-2001
Berber Bijma, FD 12-12-2001
Jabik Veenbaas, LC 21-12-2001
Piter Terpstra, Trotwaer maaie 2002, nûmer 4, s. 202/204
Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad 24-06-2001
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite