De Messeslikker
sikke doele
friese pers boekerij, 2001
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
De Messeslikker spilet him ôf op in net neier neamd waadeilân, dat simmerdeis oerstreamd wurdt troch jonge nachtravers, patatfretters en fytsedieven. De plysje besiket mei drakoanyske maatregels de goede seden te hanthavenjen. Tsjin dat dekor bloeit in hertstochtlike leafde op tusken de tweintichjierrige Wierd, dy't nei it eilân tein is foar in lukratyf baantsje as ijskoman, en de achttjinjierrige Lucy, dy't fan hûs rûn is. De leafde tusken de yn 'e wol ferve, yntelliginte Lucy en de stoer dwaande, mar puberachtige Wierd hâldt lykwols gjin stân. Hy kin it net ferdrage dat se by him weigien is en besiket har werom te winnen. De titel fan it boek jout in moai foarbyld fan 'falske freonen': in Fryske messeslikker is hiel wat oars as in Hollânske messenslikker.
Oaren oer dizze titel
Jabik Veenbaas, LC 08-06-2001
Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad 16-07-2001
Gerbrich van der Meer, FD 02-08-2001
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite