Komme dy kepers? / Boef fan Rys
r.r. van der leest
koperative útjowerij, 2001

Mei Komme dy kepers? (1969) en Boef fan Rys (1972) foege Van der Leest in nij sjerne ta oan de Fryske literatuer. Yn de boartlike detektiveferhalen oer Nier Hinnebruier en Dynte Planteit lit er syn personaasjes gâns wylde aventoeren belibje. Hja ferkeare dêrby yn lúkse fermiddens sa’t dy net earder beskreaun waarden yn it Frysk. Boppedat moetsje hja de meast nuveraardige typen dy’t – lykas hjasels – gauris mear wei hawwe fan stripfigueren as fan minsken.

Dizze útjefte fan beide boeken yn ien bân is yn it ramt fan de rige Fryske Klassiken II. Tr. Riemersma skreau it neiwurd.
Nier Hinnebruier en Dynte Planteit binne de haadfigueren yn in rige fan acht boartlike detektiveferhalen. It lêste diel, , ferskynde yn 2008.

Oaren oer dizze titel
Jabik Veenbaas, LC 01-06-2001   
Gerbrich van der Meer, FD 07-08-2001