Under de Seespegel
durk van der ploeg
friese pers boekerij, 2001
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
In bondel mei koarte ferhalen dy't benammen yn it Waadgebiet spylje, mei ympresjes fan it lânskip en de bewenners. De personaazjes yn de ferhalen lûke gauris oan de koartste ein. Yn Grûn fan ús grûn skriuwt in frou in brief oan har skoansuster yn Kanada. Se fertelt oer twa broers dy't inoar nei har jeugd noait wer sjoen ha. Yn it tragykomyske ferhaal Snieflok yn 'e simmer siket in frou har frijheid yn aventoer. De hûnsdagen spilet op Skylge. In tragysk ynsidint soarget derfoar dat de haadpersoanen inoar nea wer ferjitte sille. Fiif manieren om ôfskie te nimmen is de lêste, ferrassende bydrage fan de alve ferhalen yn de bondel.
Oaren oer dizze titel
Jabik Veenbaas yn de LC 14-9-2001 diel 1 en diel 2
Gerbrich van der Meer, FD 17-10-2001
Henry Baron yn , World Literature Today 22-6-2002
Jelle van der Meulen, Friese Literatuursite
Eric Hoekstra, Farsk 2003-3