De muorre
anders m. rozendal
kffb, 2001

De debútroman De muorre giet oer in stel âldere minsken dy't mei fakânsje yn Limboarch tsjûge binne fan in moard. Sadwaande wurde se gizele en yn in simmerhúske opsletten. Yn de rin fan de dei komt by de haadpersoan Minne van Hijum it ferline wer boppe. Hy hat yn it doetiidske Ynje meidien oan de saneamde polisjonele aksjes. Dêr trof er ien dy't net doogde. 'In duvelsbern', sei syn maat Freddy, dy't yn de roman in wichtige rol spilet. En no treft Minne wer sa'n duvelsbern. Sil er diskear hoekhâlde?

Oaren oer dizze titel
Jabik Veenbaas, LC 22-06-2001
Jan Ybema oer it boek yn it dossier Befrijing yn de Fryske literatuer.