Sa'n tûzen blauwe skriften
doeke sijens
koperative útjowerij, 2001
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Dit boek is in biografy fan Reinder Brolsma (1882-1953), ien fan de grutte Fryske skriuwers fan de tweintichste ieu. Ferneamd om syn wurk, bleau syn persoanlik libben oant no ta fierhinne ûnbekend. De biograaf hat tagong krigen ta famyljedokuminten en petearen hân mei Brolsma syn dochter, syn pakesizzers en oare famylje en kunde. Sa is in boek ûntstien dat in rykdom oan ynformaasje jout oer Brolsma syn libben en wurk.
De skriuwer waard berne yn Stiens en swalke as ferversfeint hiel Fryslân troch ear’t er ferversbaas waard, earst yn Lichtaard, en letter yn Akkrum. Dêrnei slagge er yn Ljouwert oan wurk, wylst er yn syn liddige oeren wol sa’n tûzen blauwe skriften folskreau. Omtrint yn alle Fryske tydskriften wie wurk fan syn hân te finen. Net earder as yn 1936 koe er de kwaste dellizze een waard er sjoernalist. Benammen troch syn rubriken yn de Hepkema-kranten wie er de meast lêzen skriuwer fan syn tiid. Troch syn skriuwerskip moast er yn ’e oarloch kieze. Hy sleat him oan by de Fryske Rie en oanfurdige de Harmen Sytstrapriis út hannen fan de besetters. Foar syn kar krige hy nei de oarloch in publikaasjeferbod fan oardel jier. By de lêzers en syn kollega’s bleau syn wurk populêr, sa’t by de huldiging ta gelegenheid fan syn santichste jierdei yn 1952 dúdlik nei foaren kaam.
Sa’n tûzen blauwe skriften is in modern skriuwersbiografy. It is in ‘must’ foar elkenien dy’t niget hat oan de Fryske literatuer. De biograaf krige yn 2002 foar dit boek de Fedde Schurerpriis, de debutantepriis fan de Provinsje Fryslân.
Oaren oer dizze titel
Durk van der Ploeg, Trotwaer 2001, nr. 1, s. 41-46
Jabik Veenbaas, LC 02-11-2001 part 1, part 2, part 3
Josse de Haan, Hjir 2002, nr. 3, s. 9-22
Pieter de Groot, LC 24-07-2002
E.J. Brouwer, Us Wurk 51, 2002, s. 70-75
Advyskommisje Fedde Schurerpriis, advys
Ferslach priisútrikking, LC 01-11-2002
Goffe Jensma, It Beaken 65, 2003, s. 67-73