De oare helte
tineke steenmeijer-wielinga
friese pers boekerij, 2001 (tredde printing)

Yn De oare helte fertelt de Fryske berneboekeskriuwster Nynke fan Hichtum har libbensferhaal. Sy docht dat net gronologysk, mar sa’t it ûnthâld it bewarre hat. Sjoukje Bokma de Boer, sa’t de skriuwster hjitte, libbe fan 1860-1939. As frou fan politikus en Frysk dichter Piter Jelles Troelstra makke sy de opkomst fan de arbeidersbeweging yn Fryslân en de lanlike striid fan tichte by mei. Op in tige persoanlike wize fertelt de skriuwster fan Afke’s Tiental oer hoe’t hja mei Troelstra yn ’e kunde kaam, oer de bern en har wurk as skriuwster, oer it houlik en de skieding dêr’t dat – mei troch har swakke sûnens – op útrûn. En oer hoe’t sy geandewei minder opseach by har man en har eigen paad fûn as berneboekeskriuwster. De auteur brûkt yn dit boek in styl fan fertellen dy’t oanslút by de sfear fan de tiid dêr’t de roman yn spilet.
De earste twa printingen fan dizze roman ferskynden yn 1997. Filmer Pieter Verhoef brûkte it boek mei as útgongspunt foar syn film oer Nynke van Hichtum (2001).
Yn 2002 krige de skriuwster foar De oare helte de Piter Jellespriis fan de gemeente Ljouwert. In Nederlânske oersetting ferskynde as Eigen waarde.

Oaren oer dizze titel
Pieter de Groot, fraachpetear LC 21-03-1997 diel 1 en diel 2
Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad 24-07-1997