Ridder fan Snits. III Boete
willem tjerkstra
kffb, 2001

Yn 1999 ferskynde diel I fan Willem Tjerkstra syn histoaryske romantrilogy Ridder fan Snits oer Rienk Bockema (1350-1436), in pleatselike edelman (haadling). In jier letter folge diel II, noch in jier letter diel III. Tjerkstra krige yn 2003 foar de trilogy de Gysbert Japicxpriis.
Yn diel I giet it om de jonge Rienck Bockema, in feint fol sucht nei avontoer. Dy hat as jonge in famke oantaast; hy mient dat er har ferdrinke litten hat. Yn tsjinst fan kening Edward III fan Ingelân giet er op krústocht om fan syn skuldgefoel ôf te kommen. Hy fjochtet op Rhodos tsjin de Turken en wurdt fanwegen syn moed ta ridder slein. Dêrnei set er him nei wenjen op de stins Rodenboarch yn Snits. Hy trout en krijt twa dochters.
Yn diel II wurdt ferhelle hoe’t Rienck nei de ferdrinkingsdea fan syn frou fannijs op paad giet, no as pylger nei Jeruzalim. Dêr kriget er de hillige opdracht om in twadde krústocht te ûndernimmen, tsjin gruthartoch Witold fan Litouwen. Fan dy krústocht nimt er in Marijebyld mei werom en twa jonges.
Dit diel III ferhellet fan it lêste part fan Rienck syn libben. Hy is him der bewust fan wurden dat oan syn avontoerlik libben in ein kommen is, en hy wit ek dat er net sûnder boete kin. Dêrom stiftet er it kleaster Thabor, dêr’t er noch mear as in fearnsieu as mûnts ûnder de mûntsen libbet.

Oaren oer dizze titel
Yvonne Dykstra, FD 09-01-2002
Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad 17-01-2002