It guozzeroer
rink van der velde
friese pers boekerij, 2001
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
It guozzeroer is de lêste roman fan Rink van der Velde. It boek ferskynde yn jannewaris 2001, koart foar syn ferstjerren. Lykas faker nimt de skriuwer ús mei nei de Twadde Wrâldoarloch. Bavius Bouma, in âlde frijfeint fan Akkrum, fertelt oan syn besiker, in sjoernalist en hertstochtlik fisker, wat er yn de oarloch meimakke hat. Oanlieding foar syn relaas is de fynst fan in Dútske motorfyts mei sydspan yn it wetter flakby it Tripgemaal. Mei in pear maten hat Bavius yn de lêste oarlochsjierren ûnderdûkt sitten yn De Deelen. Krekt foar de befrijing hat him dêr in singelier drama ôfspile, dat noait bekend wurden is. In guozzeroer, in antyk sjitark mei de útwurking fan in kanon, spilet in belangrike rol yn dizze roman. It guozzeroer giet ek oer de leafde foar in Russyske faam, twangarbeidster yn Normandië, en de genoegens fan de jacht, de ielfiskerij en it smoken.
Yn 2020 ferskynde der in nije printing.
Oaren oer dizze titel
Jabik Veenbaas, LC 26-01-2001
Pieter de Groot, 'De lêste 'Rink'', LC 26-01-2001
Gerbrich van der Meer, FD 14-02-2001
Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad 08-02-2001
Jabik Veenbaas, In memoriam, LC 19-02-2001
Pieter de Groot, In memoriam, LC 19-02-2001 diel 1 en diel 2
Henry Baron, World Literature Today. Summer/Autumn 2001
Elisabeth Post, LC 30-10-2020 (fraachpetear mei Steven Sterk n.o.f. werútjefte)