It aai fan Siderius
sjoerd bottema
friese pers boekerij, 2001
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Marten Siderius is in knoffelich man. Hy kin noch gjin fytsbân plakke. Hoe oars leit dat mei Foppe Hofstra, suksesfol yn it libben as resjersjeur. Beide binne se boeresoannen, buorjonges fan itselde streekje ûnder Kamstersyl – mar dat is al lang lyn, yn de jierren fyftich en sechstich. Yn 1990 komt Foppe Hofstra werom op Kamstersyl foar ûndersyk nei in nea-oploste saak, de ferdwining fan Sake Salverda. Marten Siderius skriuwt deroer mei irony en wurdt noch altyd fertard troch de jaloerskens út syn jongesjierren. Geandewei wurdt de lêzer gewaar dat ‘it aai fan Siderius’ op mear as ien ding slacht, en dat it boek wol op in hiel bysûndere wize ‘in ynspekteur Hofstra mystearje’ is, sa’t de ûndertitel fan de roman is.
Oaren oer dizze titel
Wieke de Haan, LC F-side 08-05-2001
Gerbrich van der Meer, FD 09-05-2001
Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad 10-05-2001