Dy ferrekte papen
teije brattinga
koperative útjowerij, 2000
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Goed fjouwerhûndert jier lyn waard de roomske tsjerke ferbean. Dêr doogde doe net folle mear fan. It moast tenei de grifformearde tsjerke wêze. Mar net elk gyng dêr yn mei. It ferhaal fan Dy ferrekte papen giet oer in doarp dat dwers wie, se woene roomsk bliuwe en dat koe net. Dat hawwe se fernommen yn Grevingeterp. It ferhaal giet oer libbene minsken, oer de pastoar Hidde dy't dûmny wurdt, oer de heareboer Douwe Sjoerds dy't fan de nije leare neat witte wol, oer de skoalmaster dy't net wit wat er moat, oer de soannen fan Douwe Sjoerds en master Jelte, fan wa't de iene wol wat yn de nije leare sjucht en de oare net. Der is dit boek gâns dokumentaasje ferwurke , mar it ferhaal giet oer libbene minsken, dêrom de oantsjutting 'documentaire dramatique'. Grevingeterp is de âlde namme fan Greonterp.
Oaren oer dizze titel
Jabik Veenbaas, LC 31-03-2000
Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad
Gerbrich van der Meer, FD 28-06-2000
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite