Wolken fan wol
lida dykstra
bornmeer, 2000

Yn Wolken fan wol hat de skriuwer seis ferhalen út de Metamorfoazen fan de Romeinske dichter Ovidius bewurke foar de Frysklêzende jeugd - en foar in folle âlder publyk. De seis ferhalen binne op fernimstige en boartlike wize yn in ramt pleatst dat se mei elkoar ferbynt.
Yn dit epos wurdt ferteld oer de machtsstriid tusken goaden en minsken. It blykt dat goaden krekt sokke swakke karakters hawwe as stjerlingen. Jaloersk, dom, erchtinkend en benammen opljeppend. Wa't efkes in foet ferkeard set, fynt himsels werom yn it lichem fan in bist, yn in beam of yn in blom. In Nederlânske fertaling troch de skriuwster sels ferskynde yn 2002 ûnder de titel Wachten op Apollo.

Oaren oer dizze titel
Jabik Veenbaas, LC 09-06-2000
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite