In roerich libben
joke keizer
friese pers boekerij, 2000

Yn de autobiografyske ferhalebondel In roerich libben skriuwt Joke Keizer oer har lokkige bernetiid yn Ljouwert, oer har famylje, de oarlochsjierren en har rûzige bestean yn allerhanne baantsjes.

Tanksij Jo Nobel, yn grifformearde rûnten in ferneamd foardrachtskeunster, komt se yn kontakt mei de toanielwrâld. Dat wurdt gjin sukses. Sy komt al rillegau ta de konklúzje dat har talinten op in oar mêd lizze. Dat ynsjoch wurdt mei in soad humor beskreaun. Op har achtentweintichste kiest se foar de frijheid. Se giet op reis nei Súd-Afrika.

Oaren oer dizze titel