Lok en lijen
bokke r.s. pollema
koperative útjowerij, 2000 (twadde printing)

Fan 1905 ôf publisearre Pollema yn ’e Fryske tydskriften fersen ûnder de skûlnammen ‘Bokke Simens’ en ‘Hylke Sjonger’. Wurk fan him waard yn 1917 troch Kalma opnommen yn ’e Jongfryske bondel It sjongende Fryslân. Yn de tweintiger jierren makke Pollema de oerstap nei it proaza, hy skreau mei-inoar fyftjin ferhalen. Tsien dêrfan waarden yn 1935 yn in moaie bondel útjûn. De resinsjes wiene oer it algemien geunstich, mar wat kritisy net hage, wie Pollema syn ferkearen ‘op en oer de grinzen fan it houlik’. Sa waard Pollema syn bondel ynset fan in striid tusken literatoaren dy’t oansluting sochten by de moderne wrâld en oaren dy’t dat moderne bûten de lânsgrinzen keare woene.
De twadde útjefte ferskynde yn 2000 yn de rige Fryske Klassiken II mei in neiwurd fan Tr. Riemersma.

Oaren oer dizze titel
S.D. de Jong, LC 01-02-1936
Jabik Veenbaas, LC 27-12-2002

Fierdere literatuerferwizingen
Jacob van der Tol, Sljucht en Rjucht 07-12-1925, s. 781
M.K. Scholten, It Forbân 08-11-1935, s. 94
Sietse Jan van der Molen, Fryslân 1935, s. 73
Willem Kok, De Stim fan Fryslân 1936, ôfl. 425
Eeltsje Boates Folkertsma, Frisia 1936, s. 87
Douwe Kalma, Frisia 1936, s. 112