Sinleas geweld
trinus riemersma
koperative útjowerij, 2000

Sinleas geweld is in satiryske roman wêryn't in wike lang de útstjoerings fan Omrop Fryslân Tillevyzje neffens in fêst stramyn folge wurde. Nei it programmaoersjoch komt it nijs mei Yfke Pyntlyfke en de jûn einiget mei in meditaasje fan dûmny Olfert Eamelsek. Tuskentroch reportaazjes fan Berber Noaitteberoerd programma's mei ynterviewer Sjoerd Bargebloed en presintator Kobus Oranjekoek. It nijs fan de wike is de dea fan in stapper dy't op 'e Brol yn Ljouwert deastutsen is, in útbarsting fan sinleas geweld. Riemersma woe mei dizze parody de macht en manipulaasjesucht fan de media oan de kaak stelle.


Oaren oer dizze titel
Jabik Veenbaas, LC 24-03-2000
Gerbrich van der Meer, FD 20-04-2000
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite