Kom oer it wetter
piter terpstra
kffb, 2000

Yn de jierren 1847-1850 seagen tûzenen Friezen, dy't yn earmoede libben en gjin takomst hiene, út nei in nij bestean yn Noard-Amearika. Under har wiene ek guon, dy't benammen dreaun waarden troch in langst nei romte en aventoer, lykas de skoalmaster Harmen Sytstra, in fûle strider foar de taal fan it lân dat him beneare en de skriuwer en boekhanneler Tsjibbe Gearts van der Meulen. Foar de ien waard de dream nea en foar de oare pas let en mar foar koarte tiid wurklikheid.
Der wiene ek in soad dy't net mei woene yn de stream fan lânferhuzers, omdat se te sterk bûn wiene oan eigen grûn, doarp of famylje. Of oan de leafde. Ien fan dyselden wie de jongfaam Reinou Borgman.

Oaren oer dizze titel
Jabik Veenbaas, LC 02-06-2000
Gerbrich van der Meer, FD 19-07-2000
Tryntsje van der Steege, Ensafh 21-12-2012