Ridder fan Snits. II. Skuld
willem tjerkstra
kffb, 2000
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Rienk Bockema syn lang libben (1350-1436) spile him net allinnich ôf yn Rodenboarch, de mânske stins dy't binnen de wâlen en grêften fan it midsieuske Snits stie. Doe't er weromkaam fan in krústocht nei Rhodos tsjin de Turken, waard er troch kening Edward III fan Ingelân om syn moed ta ridder slein en giet er werom nei Snits. Dêr einiget diel I.
Yn de jierren dêrnei fierde Rienck op 'e grûn dêr't er hikke en tein wie, in hiele oare striid. Hy wraksele mei syn eigen libben, dat ferrûn tusken wylde driften en eangst foar de dea. Om't er him skuldich fielde oan de dea fan syn frou Bot, dy't ûnder heimsinnige omstannichheden omkaam, makke er in pylgertocht nei Jeruzalim. Dêr ferbûn er him noch hechter oan de Hillige Frouwe Marije, foar him it toanbyld fan in pear froulju dy't yn syn libben in grutte rol spile hiene, en ûndernaam er in twadde krústocht, no tsjin tsjin Witold fan Litouwen. Mar de rom as ridder en de pylgerreis nei Jeruzalim koene syn skuld foar Marije en de froulju oer net weinimme.
Oaren oer dizze titel
Jabik Veenbaas, LC 27-10-2000
Yvonne Dijkstra, FD 21-03-2000