equinox - evening/equinox
tsjêbbe hettinga
friese pers boekerij, 2009
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Dizze bondel ferskynde yn 2009 yn it Frysk; yn 2012 kaam (by Bornmeer) in twatalige útjefte út Evening / Equinox.
De bondel is opboud út trije parten. It earste part, ‘Stêden oan see’, jout in ferskaat oan fersen en ûnderwerpen, oer New York, oer Europa en de Bolle, oer Ierlân, mar ek oer it ferhoalen leafdespear yn it koarn of oer de ivige oantinkens oan de jeugd, yn it prachtige fers ‘De rjemme fan it tiidleas bern’ – alles ferbylde yn de brede en assosjative styl dy’t Hettinga sa eigen is. De earste rigels fan dat fers, dêr't 'it' ferwiist nei 'it bern'
Yn in rook fan âld hea sjit it op reade klompen en
Mei in glimmend bit yn 'e fûst de hynstestâl
Fan in jonkheid út, rats, nei bûten ta.
Yn de twadde ôfdieling, de syklus ‘Twa kontininten’, steane de fersen dy’t in jier earder ek al opnommen waarden yn it boek mei foto’s fan Fryslân troch Andries Deinum, makke yn augustus 1946 (Deinum ferteach yn 1938 as 20-jierrige nei de FS, makke karriêre yn de filmyndustry en waard letter filmwittenskipper). Yn tsien sonnetten, opboud út twa strofen fan elk sân rigels (fansels dy bou: it giet ommers om twa kontininten), assosjearret Hettinga op de sfear dy’t de foto’s oproppe. Syn freon Henk Deinum (omkesizzer fan de fotograaf) hie him minisjeus ferteld wat allegear op de foto’s te sjen wie. It lêste fers, oer Hylpen, nei in foto fan dat plak, einiget sa:
It fiere Warkum wurdt - klik - in requiem,
De skiere loft brekkende eagen, stil de see.
Dizze fersen slute nei omfang oan by dichtwurk út earder tiid dêr’t de dichter koarter om ’e hoeke kriemde, bg. it fers ‘Brandy cove’ út 1987.
De lêste ôfdieling ‘Yn ’t lân ferwaaid’ jout mear in griemmank fan ferspraat wurk, mei ûnder oare it fers ‘Styx’ oer kroechbaas en jazzorganisator Jan 'Taverne', dat ûnderdiel is fan de Ljouwerter poëzijrûte. It waard yn de in memoriamstikken by it ferstjerren fan de dichter mear as ienris oanhelle:
Oer de Styx bist útsyld yn in sloep fol slangen,
Mei dyn siel as seil yn in sniejacht fan kom-sa.
Sawol it libben as de dea jouwe sa har sangen.
It slotfers, ‘De lêste staasje’, ferbyldet it lêste trajekt fan de Alvestêdetocht, riden yn tsjusternis en bittere kjeld, dêr’t hallusinaasjes yn religieuze bylden gearrane mei de langst om de einstreek te heljen. Mear oer dit fers, sjoch ûnderoan.
Shortlist Gysbert Japicxpriis 2013
Oaren oer dizze titel / Anderen over deze titel
Nl Piet Gerbrandy, de Volkskrant 05-06-2009
Fr Harmen Wind, Ljouwerter Krante 03-07-2009, diel 1 en diel 2
Fr Cornelis van der Wal, Frysk Deiblêd 19-09-2009
Fr Klaas van der Hoek, De Moanne nr. 7 sept 2009, s. 38-39; op Konsenylje 24-02-2013
Eng Piter Yedema op Ensafh 27-10-2009
Eng Henry Baron, World Literature Today, July-Aug. 2010, The Free Library
Nl Janita Monna, Trouw 12-02-2013
Eng Alpita de Jong, 10 Books from Friesland sept 2013
'De lêste staasje', trajektfers Dokkum - Ljouwert
Foar Gedichtedei 2008 hiene 11 dichters yn opdracht fan Tresoar in gedicht skreaun by in trajekt fan de Alvestêdetocht, ynklusyf in 'startfers'. Sa ûntstie in spesjale Poëzij Alvestêdetocht. Tsjêbbe Hettinga naam it lêste trajekt foar syn rekken, fan Dokkum nei Ljouwert..
Hy droech it fers foar yn Tresoar, yn in finishprogramma tusken 17 en 18 oere. De foardracht waard streekrjocht útstjoerd troch Omrop Fryslân radio.
'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.