Giftige simmer / Giftige zomer
ferskate auteurs
friese pers boekerij, 2009
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Yn de maitiid fan 2009 sieten Albertina Soepboer en Abe de Vries mei-inoar te praten oer har direkte omjouwing. In omjouwing dy’t grôtfol siet mei prachtige oantinkens oan har bernetiid. Mar net allinne dat, want it wie ek it libbensfermidden fan har hjoed. Se wiene lilk en kjel om de komst fan de ôffalûne by Harns, de REC (reststoffenenergiecentrale), dy’t se al gau oantsjutten mei de namme ‘jiskefabryk’. Sy wisten genôch fan it plan ôf om har te realisearjen dat it net allinne om in ûnbidich grut ding yn it lânskip gean soe, mar dat it ek in bedriging ynhâlde foar de sûnens fan minske, bist en plant. Hoe wie it mooglik dat bestjoerders grien ljocht jûn hiene foar sa’n plan?
Om in tsjinlûd hearre te litten stjoerden se in tal keunstners in mail mei de oprop: kinne jim wat meitsje mei as tema ‘Giftige simmer’? Se krigen massaal antwurd. Ferhalen, skilderijen, bylden, fersen, foto’s. Blykber hiene se wat oanrekke dat al langer libbe, wat losmakke. De ynstjoeringen giene fierder as allinne it jiskefabryk, se giene ek oer brede diken troch it lânskip, te hege wynmûnen, dôfhûdige bestjoerders.
Sa kaam it boek Giftige Simmer / Giftige Zomer ta stân, mei bydragen fan sa’n 50 keunstners, yn in breed ferskaat. Der is lilkens en skientme, eangst en kwetsberens, analyse en hope.
Mei bydragen fan, yn folchoarder fan ferskining, de folgjende skriuwers:
Geert Mak – Gerrit Breteler – Albertina Soepboer – Eppie Dam – Edwin de Groot – Jacobus Smink – Aafke Taekema – Matty de Vries – Hein Jaap Hilarides – Jouke Hylkema – Aggie van der Meer – Jan Kleefstra – Henk Wolf – Josse de Haan – Jetze de Vries – Yva Hokwerda – Job Degenaar – Cornelis van der Wal – Gerda Holzhaus – Meindert Bylsma – Ulke Brolsma – Simon Oosting – Irene Bal – Sytse Jansma – Tsjisse Hettema – Remco Ekkers – Wilco Berga – Ids Willemsma – Theunis Piersma – Yvonne Hiemstra.
Oaren oer dizze titel
Karin Sitalsing, nijsitem de Volkskrant 05-08-2009
Goffe Jensma op Ensafh, 27-10-2009
Sietse de Vries, LC 14-10-2009