Rimen & teltsjes
bruorren halbertsma (Joast, Eeltsje, Tsjalling)
friese pers boekerij, 2009 (12e printing)

De Rimen en teltsjes jildt as it ultime klassike wurk fan de Fryske literatuer. It jout it samle wurk fan de Bruorren Halbertsma, Joast, Eeltsje en Tjalling. It begûn mei in kreas fersoarge boekje yn 1822 ûnder de titel De lapekoer fan Gabe Skroar. Dat wie bedoeld foar de hegere stannen om har op ’e smaak te bringen fan de taal dy’t sy sa linkelytsen kwytrekke wiene, mar dy’t op it plattelân noch libbe as in hart. De earste edysje hie sukses yn lytse rûnte, Halbertsma skreau letter: ‘De liefhebbers, die geen exemplaar kregen, schreeuwden erom als magere varkens’.
Letter kamen der nije útjeften fan it boekje, folge troch oare titels. It samle wurk fan de bruorren kaam yn 1871 foar it earst út as Rimen en teltsjes. It boek is in bûnte samling fan gedichten en ferhalen. Hiel it 19de iuwske Fryslân komt foarby, doarpen en stêden, boeren, dûmny’s, ambachtslju, wûnderdokters en keaplju, arbeiders, studinten, jonkers, frêles... humor, satire, lugubere ferhalen, sterke stikken en sentimint, it sit der allegear yn. De Rimen en teltsjes waard in trochrinnend sukses oer de generaasjes hinne – it skaaimerk fan in echte klassiker.

Yn 1993 ferskynde de 10de edysje yn de rige ‘Fryske Klassiken I’. It boek wie doe al fyftjin jier út print. Philippus Breuker besoarge de tekst en skreau it neiwurd. De oplage wie 3000 – mar it boek wie sa ûnferwachte gau útferkocht, dat neffens de kondysjes fan de sybsydzjejouwer (it NLPVF, Nederlands Literair Productie- en Vertalingenfonds) in jier letter in nije printinge oplein wurde moast, dy’t nei langere jierren ek útferkocht rekke. Yn 2009 kaam de Friese Pers Boekerij mei de 12de printing: in nij omslach mar fierder gelyk oan de twa foarige.

Oaren oer dizze titel
Anne Wadman, ‘Literair leven’, RONO 16-03-1960
Philippus Breuker, neiwurd by de 10de edysje, 1993, DBNL
Pieter de Groot, LC 19-11-1993
Rindert Straatsma, oer de rige Fryske klassiken I, LC 07-05-1994
Sietse de Vries, synjalearring LC 11-09-2009
Elisabeth Post, LC 22-10-2019 (oer digitalissearring Rimen en Teltsjes)