Neeltsje
rikky nagel
elikser, 2009
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Neeltsje fertelt it ferhaal fan in grutte húshâlding op it plattelân fan Fryslân, yn de stoarmen fan it deistich bestean. Meiïnoar moatte hja alles ferarbeidzje: dat se fan de pleats ôf moatte, dat it kapteinske fan it skip, harren mem, fierstente betiid it roer oerjaan moat, dat harren heit dêrnei ynienen yn ’e blommen omreaget. En dat wylst er dêr nea fan witte woe. Mar as Kupido raak sjit, feroaret it allegear.
Underwilens belibje de bern sels ek fan alles, krije in húshâlding en bern en moatte it roer rjocht hâlde as har libbenssee ûnrêstich is.