De acht foar achten trein
trinus riemersma
venusboek, 2009
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Dizze roman is de lêste roman fan Trinus Riemersma. Twa ferhaallinen rinne parallel yn wat de skriuwer in 'splitscreenroman' neamt. Op 'e achterflap:
'In ûntplofte trein en in ûntploffend houlik, dy twa ferneare inoar net. It is ien fan beide, it is skiede of bliede. De kar is gjin kar. Lykas it libben sels, dit ferhaal is tryst en tragysk. Mar mei in skep humor is it te fertarren, it libben en dit ferhaal. Wat alles goed makket: der wurdt yn it hele boek net smookt.'
Oaren oer dizze titel
Jetske Bilker, LC 20-3-2009
Elske Schotanus, de Moanne nr. 4 2009 s. 10-12 en op eigen website
Jaap Krol, FD 20-06-2009
Jelle van der Meulen, Friese Literatuursite