De fjildferhalen
rink van der velde
friese pers boekerij, 2009

De fjildferhalen is in bondel mei observaasjes fan it hâlden en dragen fan minske en bist yn it iepen fjild. Rink van der Velde fielde him nearne sa goed thús as yn fjild en bosk. As jonge strúnde er om yn de kontreien fan Beetstersweach en learde de natuer troch skerp observearjen fan tichteby kennen. Fiskje en jeie wie syn lust en syn libben. En harkje nei de ferhalen fan manlju dy’t de tiid noch meimakke hiene dat minsken libje moasten fan de fiskerij en de mollefangerij en de jacht op murden.
Yn totaal binne 51 ferhalen fan Van der Velde opnommen. In oantal dêrfan stiene yn de Ljouwerter Krante yn de rubryk ‘Fries mozaïek’, in pear komme út Gea Nijs fan it Fryske Gea en de rest is by elkoar socht út syn oare ferhalebondels. De earste printing ferskynde yn 2009, de lêste yn 2022

Oaren oer dizze titel
Jelle van der Meulen, Friese Literatuursite