De fergetten oarloch
geart van der zwaag, jaitsche wassenaar, anne wadman
friese pers boekerij, 2008

De fergetten oarloch is in omnibus fan trije romans dy’t kanten fan de Twadde Wrâldoarloch en de besettingstiid yn Fryslân sjen litte dêr’t net folle omtinken oan jûn is.

It spoekskip (1990) fan Geart van der Zwaag giet oer twa broers op in skûte yn it Grouster wetterlân, dy’t twa Dútse deserteurs ûnderdûke litte. De lege midden fan Fryslân drige yn dy lêste moannen foar de befrijing troch de hege wetterstân te fersûpen.

Oaren oer dizze titel
Jan Wybenga, LC 22-06-1990

* * *


It pak fan ús heit (1993) fan Jaitsche Wassenaar folget in famke fan acht jier dat ferskriklik narre wurdt omdat har heit lid is fan de NSB. Nei de oarloch wurdt dat allinnich mar slimmer. In oersetting yn it Nederlânsk ferskynde yn 2009 ûnder de titel Het pak van mijn vader.

Oaren oer dizze titel
Marijke Schuilenburg, LC 04-05-1993

* * *


Yn Anne Wadman syn novelle In ûnbetelle rekken (1992, Boekewikegeskink fan de Stichting It Fryske Boek) is de haadpersoan in jonge yntellektueel, type antyheld, dy’t fassinearre wurdt troch syn homoseksuele freon, in studint dy’t hielendal allinnich in spionaazjepost opset.

Oaren oer dizze titel
Jelle Krol, LC 14-02-2008

* * *


De romans dy’t yn De fergetten oarloch werprinte binne, jouwe alle trije in autentyk byld fan de sfear yn ’e besettingstiid op it boereplattelân fan Fryslân.

Oaren oer dizze titel
Robert Jan Speerstra, LC 12-04-2008