De kâlde krústocht
hylke speerstra
bornmeer, 2009
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Yn dit boek mei nije iisferhalen fan Hylke Speerstra wurdt de lêzer meisleept op in spannende winterreis. Under him heart er it skrassen fan de redens en it kreakjen fan it iis. Der glydt in hiele ieu oan him foarby. Underweis begjint de lêzer mei te libjen mei de haadfigueren dy’t op syk binne nei frijheid, gelok en bettere tiden. En nei de útdaging dy’t ek op it iis te finen is ...
It is mear as in sportboek, it is in sosjaal dokumint fol hoop en wanhoop yn de krisisjierren, ferrie yn de oarloch, en fan leafde troch alle tiden hinne. En yn elk ferhaal lizze drama en humor perfekt by elkoar yn de slach. Speerstra skreau dit boek by it 100-jierrich bestean fan de alvestêdeferiening. Tagelyk mei de Fryske ferzje ferskynde ek in oersetting yn it Hollânsk. Alle leden fan de Alvestêdeferiening koene in eksimplaar krije.
Oeren oer dizze titel
Jaap Krol, FD 07-02-2009
Jetske Bilker, LC 13-02-2009
Henry Baron yn World Literature Today, 01-11-2009, The Free Library