It krantefanke
wilco berga
utjouwerij fryslân, 1999

As Albert Nicolai ienkear sechtsjin wurdt, leit de wrâld oan syn fuotten en binne de mooglikheden suver ûnbeheind. Hy hat de leie fan syn libben yn eigen hannen. Dêrby stiet ien ding as in peal boppe wetter: hy sil dichter wurde, as er dat al net is. As er tritich jier letter de saken op in rychje set, dêr min ofte mear ta twongen, wurdt dúdlik hoe maklik oft er syn libben nei syn hân sette. Of wie it oarsom? Destiids hie er yndie al gau in dichtbondel op syn namme stean. Prachtich, mar is men dan foar altyd dichter, ek as men op kop en earen yn ’e boatebou sit? Dy boaten, en net te ferjitten, it wetter sels, kamen samar yn syn libben. En sûnder dat er der erch yn hie namen dy de leie oer. Noch gjin ramp, salang’t der gjin deaden foelen.

Oaren oer dizze titel
Jabik Veenbaas, LC 08-10-1999
Durk Hibma, LC 26-10-1999