it nachtlân / het nachtland
ALbertina soepboer
De oare utjouwerij, 1998

It nachtlân/Het nachtland is in bondel fan Albertine Soepboer mei 34 Fryske, in tsiental Nederlânsktalige en in pear meartalige gedichten. De liedende tematyk is de betsjutting fan de eigen memmetaal yn in meartalige wrâld. De haadpersoan giet dêrby op syk nei syn boarnen, mei yn syn bagaazje ferskillende talen, in syktocht dy't ta in ein komt yn syn eigen hûs.

Roekelân

Yn ’e lege, lette middei kamen wolken foarby-
riden. Ik hong tsjin it tsjerkestek oan. De hannen
blau fan ’e kjeld yn ’e bûse en ik song. Hark,
de hjerst komt, de wynswipe giet troch de beammen.

De roek op it stek gluorke al nei my. De rein
bedobbe it hastige sykheljen yn grize tekkens.
Swit ûnder myn reinjas. It swarte each waaide
tichterby. Myn skaad line tsjin in âlde muorre.

Oaren oer dizze titel 
Minke Muilwijk, Dagblad van het Noorden 13-03-1999 (besprek)
Anneke Reitsma, Trotwaer, jiergong 31