It lyk wurdt oantaast
tjitte piebenga
koöperative utjouwerij, 1998
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Dit boek giet oer in houlik dat op 'e non rûn is. Foar de frou is it definityf ôfrûn, mar de man besiket te lymjen en te kramjen. It ferhaal wurdt ferteld yn ferskillende 'streamen' dy't typografysk fan inoar ûnderskaat binne, sa as lyryske beskriuwingen fan 'e beminde frou, emosjonele en rankuneuze stikken oer de frou en har frijer, saaklike ferhelderjende parten oer de foarskiednis en dialogen tusken de man en de frou dy't ta begryp liede moatte mar neat ophelderje.
It lyk wurdt oantaast is ien fan 'e yn 'e sechtiger jierren fan de foarige iuw ferskynde boeken dy't troch har moderne ynhâld en foarm de Fryske literatuer in oar oansjen joegen. De earste printing fan dit boek is fan 1968. Dit is de twadde yn de rige Fryske Klassiken. Yn 2011 waard it boek opnommen yn Piebenga syn .
Oaren oer dizze titel
Anne Wadman, Het Vrije Volk 30-03-1968, ek yn It Kritysk Kerwei
Albertina Soepboer, Trotwaer 31 (1999) s. 151-154