It lekken oer de spegel
durk van der ploeg
friese pers boekerij, 1995
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Yn dizze roman beskriuwt Benjamin Hellinga de oantinkens oan syn fiif jier âldere broer Simon, dy't inkelde dagen foar de befrijïng yn 1945 yn it ferset om it libben kaam. De deis dat it lichem fan Simon yn 'e hûs droegen waard, hong de heit in lekken oer de spegel en bediek dêr syn eigen spegelbyld mei. Dat is symboalysk foar de ferhâlding tusken heit en soan, in djippe spjalt yn minsklike ferhâldingen, dy't net mear goed te meitsjen is. Dat is allegearre yn deiboekfoarm beskreaun.
It ferhaal krijt lykwols in folslein oar karakter as de âldste broer Sjoerd, dy't yn 1945 nei Ynje gyng en dêrwei nei Nij-Seelân emigrearre, yn in brief de wiere tadracht oer de dea fan Simon jout.
De roman spilet op it Noarderfallaat yn Dokkum. It is it lêste diel fan de Dongeradiele-syklus, dy't fierder bestiet út De jacht (1988), It wrede foarjier (1994) en Reis nei de Kalkman (1955). It boek waard yn 2011 op 'en nij útjûn yn de sammelbondel De oarloch fan Durk van der Ploeg.
Oaren oer dizze titel
Jelle Krol, LC 9-6-1995 en yllustraasje
Jan Jongsma, FD 10-06-1995
Henry Baron, World Literature Today 22-03-1996
Thys van der Veen, skripsje oer û.o. dit boek, Kerst Huisman, LC 28-11-1997
Jan Jongsma Op lokaasje, FD 21-03-1998
Jelle van der Meulen, Friese Literatuursite
Jan Ybema oer it boek yn it dossier Befrijing yn de Fryske literatuer.