Reis nei de Kalkman
durk van der ploeg
friese pers boekerij, 1995
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Anna Richter is in oarlochswiddo út Nes yn de Dongeradielen. Har man is yn de lêste oarlochsdagen troch Feldwebel Wolfgang Schöde deasketten. Folle letter keapet Günther Ewaldsen, de healbroer fan Schöde, it hûs njonken Anna as twadde wente. De beide buorlju kinne it goed mei-inoar fine. Ta in relaasje kom it lykwols nea om't Anna dat sjocht as ûntrou oan har fermoarde man. Günther ferskynt letter op in deadebetinking. De Nessumers akseptearje dat net en de Dútser wurdt nei in folksgerjocht it doarp útjage. Ek oare minsken dy't tangele sitte mei in oarlochsferline wurde yn dizze roman opfierd.
De skriuwer en tagelyk de ik-figuer yn Reis nei de Kalkman basearret it libbensferhaal fan Anna Richter foar in grut part op de ferhalen út skriften fan Anna. In buorfrou hie dy skriften feilichsteld doe't in sloper de beide wenten delhelle.
Dizze roman ferskynde tagelyk mei twa oare út de saneamde Dongeradiele-syklus yn 2011 yn de sammelbondel. Ek is der yn 2016 in Dútsktalige oersetting ferskynd ûnder de titel Flucht ins Watt.
Oaren oer dizze titel
Jan Jongsma, FD 15-04-1995
Jelle Krol, LC 05-05-1995
Henry Baron, World Literature Today, 22-09-1996
Profyl yn Six Books from Holland and Flanders, Simmer 1997
Profyl yn Six Livres de Flanders et des Pays-Bas, Simmer 1997