Grûn en minsken
Reinder Brolsma
útjouwerij fryslân, 1995 (6e printing)

Grûn en minsken wurdt algemien beskôge as Brolsma syn bêste roman. Sa konsekwint mooglik beskriuwt er it libben fan Daniël fan Kuken, sûnder de ôfdwalende beskriuwingen dy’t er himsels oars faken tastie. Steech, sêne nei sêne, bout er it byld op fan in minske dy’t himsels genôch is en dy’t de tagedienens fan God en meiminsken, fan wiif en bern net iens begeart. In man dy’t net uterje kin wat him besielet, dy’t komselden mar wat tearens betoant, gjin kweaden of ferkeardenien sasear, mar ien dy’t allinnich jild en besit telt. Syn soan stjert, frou en dochter ferlitte him. Hy feroaret der net om. Mar ek de grûn, dêr’t er foar libbe hat, dy hat er syn gerak net jûn. Sa bliuwt dizze leafdeleaze figuer iensum en allinnich achter nei in libben dat fermuozze liket.
Dizze sechste printing fan Grûn en minsken ferskynde yn 1995 yn de rige Fryske Klassiken, mei in neiwurd fan Trinus Riemersma oer skriuwer, wurk en útjeften. De earste printing is fan 1940. It markante fynjet op it omslach is fan Johannes Mulders.

Oaren oer dizze titel
Jan Piebenga, LC 03-11-1954
Durk van der Ploeg, LC 08-12-1979 diel1, diel 2 en diel 3
Tiny Mulder, FD 28-06-1989
Geart fan der Mear, Trotwaer 1981, nr. 1, 69-78
Tr. Riemersma, De Kul 1, 1984, s. 15
Jelle Krol, LC 29-12-1995, part 1 en part 2
Teake Hoekema, Lyts Frisia, oanhelle yn LC 19-04-1996
Doeke Sijens, ‘De striejonker’, yn , 2010
Alpita de Jong yn 10 Books from Friesland 2013