Bertegrûn
durk van der ploeg
friese pers boekerij, 1993
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
De haadpersoan yn dizze novelle is in jongkeardel fan 33 jier. Jierrenlang gobbere hy om 'e nocht foar balys en loketten om wurk. Mar foar him liket yn de maatskippij gjin plak te wêzen. Poer tafallich bedarret er yn 'e hûs by Trees, in ferpleechster. De ferhâlding wurdt wreed ferbrutsen as Trees deselde easken stelt as de maatskippij. Dan stiet er wer allinne. Syn âlde mem is yn 'e bernskens en wol werom nei it plak dêr't se har libben wenne hat. Dat plak is ek syn bertegrûn. Mar dêr is neat fan oerbleaun. It hûs is ôfbrutsen, it terrein is opspuite foar it bouwen fan in nije stêd. As syn mem stjert, fergruttet dat syn iensumens. Hy driget der ûnder te strûpen. It ferhaal is skreaun yn de foarm fan in monolooch yn de do-foarm.
Oaren oer dizze titel
Jelle Krol, LC 19-03-1993
Rients de Boer, FD 27-03-1993
Henry Baron, World Literature Today 01-01-1995
Ate Grypstra, De Moanne 10-11-2011