Bewarje myn namme
piter terpstra
friese pers boekerij, 1993

Dizze roman beskriuwt de perioade fan 1640 oant 1655 út it libben fan de dichter Gysbert Japiks, syn heechtijdagen. Dochs ferfalt hy hyltiten wer yn ûnwissens oer syn talinten. Benammen as er yn de kunde komt mei de krityske skriuwer en histoarikus Simon Abbes Gabbema.
In bysûnder barren is de komst fan de taalgelearde Franciscus Junius, dy't in stúdzje fan it Frysk makket en witte wol hoe't dy taal noch yn Molkwar útsprutsen wurdt. Tegearre reizgje se nei dat wûnderlike, hast duvelske seefardersplak, dêr't de huzen dwers trochelkoar hinne boud binne op sân pôlen en dêr't de befolking fijannich foar frjemdfolk oer stiet.
Blidens, teloarstelling en grut fertriet, ûnder oare oer it ferlies fan bern, wikselje inoar ôf yn it libben fan de dichter. Oan 'e ein fan it boek is hy noch allinne mei syn frou Sijke. Dan komt in nije grutte driging op harren ta: de pest.
Yn it Gysbert Japiksjier 2003 is it boek op 'en nij útbrocht as ûnderdiel fan de Gysbert Japiks Trilogy.

Oaren oer dizze titel
Jelle Krol yn de Ljouwerter Krante 26-03-1993, part 1 en part 2