De ielfretters
bertus klazinga
friese pers boekerij, 1992
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Op in oktobermoarn wurdt resjersjeur Weening troch syn kommissaris nei in plak stjoerd mei namme Selsum, in útbuorren dêr’t amper ien it bestean fan wist, djip ferskûle tusken reidkragen en beamwâlen. Yn in stik lân njonken de poel by Selsum is in lyk fûn. Fermoarde. Op syk nei de tadracht en it motyf bedarje Weening en syn kollega Markus tusken fiskersfolk dat al generaasjes libbet mei leauwe en byleauwe. De konfrontaasje mei dizze ‘ielfretters’, it lyk by de poel en de lugubere en njoere omjouwing hat Weening syn hiele fierdere libben yn de besnijing hân. As er tweintich jier letter mei pinsjoen is, set er it ferhaal op papier om syn tramtearre geast te leegjen. Sa ûntstiet in misdiedferhaal mei surrealistyske trekjes.
Oaren oer dizze titel
Jelle Krol, LC 04-09-1992