Mjitter fan ús jierren
piter terpstra
friese pers boekerij, 1989

Gysbert Japiks, de haadpersoan fan dizze roman, is 22 as er skoalmaster yn Wytmarsum wurdt. Freonskip, leafde, poëzij, muzyk, de romme fjilden, it folk mei syn freugden en lêsten komme op him ta. Yn Wytmarsum ûntjout de jonge dichter him, wrakseljend mei it Frysk, de folkstaal, dy't er as earste as keunsttaal brûkt. Letter sil fan him sein wurde, dat er de grutste Nederlânske taalbouwer út de 17de ieu is.
Op 'e achtergrûn leit syn bertestêd Boalsert, dêr't de gefoelige, mar twifeljende Ferdou sa'n djippe yndruk op him makke hat. Yn Wytmarsum wenje Wobbelke, mei wa't er in hertstochtlike leafdesferhâlding hat en de wat feriensume grytman Tjaard van Aylva, dêr't er jûnen lang muzyk mei makket en djipgeande petearen mei hâldt. Yn Ljouwert, by Claude Fonteyne, de artistike printer, giet wer in hiel oare wrâld foar him iepen.
En yn Warkum is it syn aventoerlike broer Willem, dy't de fraach yn him opropt oft er wol foarbestimd is foar in boargerlik bestean mei de Ljouwerter notarisdochter Sijke Salves.
Yn it Gysbert Japiksjier 2003 waard it boek op 'en nij útbrocht as ûnderdiel fan Terpstra syn Gysbert Japiks Trilogy.

Oaren oer dizze titel
Jan Wybenga, LC 15-09-1989