De dei lûkt nei de jûn
durk van der ploeg
friese pers boekerij, 1984
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Dizze roman giet oer de eangsten, it heimlik fertriet, de oergeunst en de ferburgen langsten fan de personaazjes, tsjin de achtergrûn fan sedige skynhilligens en morele twivel. Plak fan hanneling is it fiktive doarp Twifel. Ien fan de sintrale figueren is dûmny Wolke Uittentreure, dy’t der geastlik ûndertroch giet fanwegen syn leafde foar Duifje. Foaral de gedachte dat er har nea hawwe sil makket him slim fertrietlik oant yn it wanhopige. In oare haadpersoan is Doutsje Althusius. Hja hat in ferhoalen leafde foar mynhear Gabriël opfette. Dy man wie samar op in dei út ’e himel delsaaid en fûn ûnderdak by de kekene widdo Althusius. It jongfolk fan Twifel hat it net stean op de geheimsinnige frjemdling Gabriël en nei it doarpsfeest weve se mei him ôf.
Oaren oer dizze titel
Tineke Steenmeijer-Wielenga, LC 25-05-1984
Tiny Mulder, FD 09-06-1984
Jo Smit, De Strikel sept. 1984
Jan Jongsma, Op lokaasje, FD 12-07-1997
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite