De winter komt
durk van der ploeg
koperative útjowerij, 1984

Brand en Baef binne twa minsken op jierren dy't yn in âld flaaksfabryk wenje, in rottekleaster gelyk. Yn de lette hjerst fynt Brand syn frou dea yn de loads fan it fabryk. Hy is benaud dat er der fan fertocht wurde sil syn frou tekoart dien te hawwen. Hoe moat er oannimlik meitsje dat hy net mandélich is oan har dea? Brand doart nimmen om help te freegjen en beslút dan mar om har achter it fabryk te begraven. Dêrnei wurdt syn hiele dwaan en litten behearske troch dat iene grutte probleem: hoe hâld ik it stil foar de minsken?

Oaren oer dizze titel
Tiny Mulder, FD 21-12-1984
Tineke Steenmeijer-Wielenga, LC 01-02-1985
Jéjé, Bergumer Courant 15-02-1985
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite