Frjemdfolk op Barrahiem
d.a. Tamminga
friese pers boekerij, 1978
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
It ferhaal fan dizze roman spilet om 50 nei Kristus hinne, de tiid fan Romeinske keizer Claudius en fjildhear Corbulo. Sintraal yn de roman stiet de ferneamde terpfynst fan it ‘Skriuwplankje fan Tolsum’, dat yn it Fries Museum yn Ljouwert bewarre wurdt. It kaam yn 1914 út de grûn by in terp ûnder Tsjom. Yn de tiid dat Tamminga Frjemdfolk op Barrahiem skreau, wie de hjitting noch dat op it plankje in keapakte stie tusken in Romeinske feekeapman en in Fryske terpboer (ûndersyk út 2009 hat oantoand dat it om in skuldbekentenis giet).
Op ’e eftergrûn spylje wider fiemjende ferksynsels mei yn dizze histoaryske roman: de technysk hegere sivilisaasje fan de Romeinen dy’t troch oermacht en mei wapens oer de boerebeskaving fan de Friezen hinneskoot. Dat joech omkear en it rôp wjeraks op.
De taal fan de skriuwer is hjir en dêr argaysk. It hânskrift fan dizze roman waard yn 1977 bekroand yn in romanpriisfraach foar debutanten, útskreaun troch it doe besteande Frysk Utjefte Fûns.
Oaren oer dizze titel
Kerst Huisman, LC 11-11-1978
Piter Terpstra, NvhN 02-02-1979
Tiny Mulder, FD 03-03-1979