De Amerikaen
durk van der ploeg
friese pers boekerij, 1977
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
De fitale widner Govert Hilarides, in man fan santich, bringt nei it ferstjerren fan syn frou syn dagen troch as libbensgenieter. Dochs wurde it allinnewêzen en de iensumens him oermânsk. Hy wol wer in frou yn 'e hûs hawwe, net ien foar it wurk, mar ien foar de pronk. Hy set in advertinsje yn de krante en krijt in reaksje fan Alice Santema-Wiarda út Amearika. By de moeting op Skiphol falt it him ôf, it frommes wie net wat hy him der fan foarsteld hie. De Amerikaanske Alice lykwols iepenet mei har fantastyske ferhalen oer it libben yn de States in folslein oare wrâld foar Govert. Foar beiden brekt in aventoerlik libben oan mar de fantasijen driuwe harren hieltiten fierder fan de werklikheid ôf. Govert wol de frou op 't lêst wol wer slite. Hy rekket yn de lytse loege as er in revolver fynt. It wapen set him oan ta healwize dingen en by einsluten driget it ta katastrofale gefolgen te kommen.
Oaren oer dizze titel
Piter Terpstra, Nieuwsblad van het Noorden 13-03-1978
Tineke Steenmeijer-Wielenga, LC 10-06-1978
Tiny Mulder, FD 17-06-1978
M.J. de Haan, Frysk en Frij 02-12-1978
Ernst Bruinsma, De Moanne 18-11-2011