It libbet mar amper
durk van der ploeg
friese pers boekerij, 1976

Arend Jongsma ferliest syn frou Addy by in ferkearsûngemak. Hysels oerlibbet it ûngemak mar is ta in wrak ferwurden. Heal ferlamme wurdt er ferpleegd yn in sikehûs en in revalidaasjesintrum. Lichaamlik is er in helpleaze stumper wurden. Arend Jongsma ferset him geastlik hieltyd fûleindiger tsjin syn machteleazens mei in synyske en swartgallige bitterheid. Oaren besykje him de hope op betterskip oan te praten. Mar hy twivelet oan alles en leaut dat elk om him hinne dwaande is him stadichoan ta te rieden op in útsichtleas libben, dat er as ferlamme yn in rôlstoel slite moat. It is in fjochtsjen tsjin ferbittering en teloarstelling dy't hiel wat slachtoffers fan it ferkear mei him diele sille.

Oaren oer dizze titel
Tineke Steenmeijer-Wielenga, LC 14-5-1977 diel 1 en diel 2
Tiny Mulder, FD 23-07-1977
Piter Terpstra, Nieuwsblad van het Noorden 27-07-1977
M.J. de Haan, Frysk en Frij 29-10-1977