De snoekebek
durk van der ploeg
útjouwerij a.j. Osinga/kffb, 1972

Wibe Palma wennet mei frou en trije bern op Treurharne. Alle fiif stribje dernei om fan de wolfeart har part te krijen, al litte de omstannichheden sjen hoe fier oft de doelen soms fan de minske ôf lizze. Soan Harm is lang de sintrale figuer yn de húshâlding en dat benammen om't hy sels in auto bouwe sil en dêrmei it ideaal alle dagen tichterby bringe kin. Auto's lykje ynearsten ek belangriker as minsken te wêzen. Dat wurdt oars as de selsstannige dochter Tsjikke mei in swarte man ferkearing krijt en mei him trouwe wol. Dat ropt in soad argewaasje op by de âlden om't it ôfbreuk docht oan it wolfeartsdoel dat hja har steld hiene. As soan Harm dan ek noch ferkearing krijt mei in bluisterich fanke, reitsje se alhiel fan it sintrum. By einsluten blike der dochs grutter en heger dingen yn it libben te wêzen as it deade besit en strideraasjes oer hûdskleur en komme der fragen oer leauwe en dwaan nei foaren.

Oaren oer dizze titel
N.N., De stim fan Fryslân 16-07-1972
C.F. de Vries, Rono - Literair Kwartier 01-10-1972
Freark Dam, LC 7-10-1972