Moard yn toga
g. spaanderman-wielinga
kffb nr. 132, 1969
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
De haadpersoan yn dizze misdiedroman is de Harnzer dûmny Johan Barger (1853-1900), troch de skriuwster omdoopt ta Johan Brongers. It ferhaal is basearre op in tal wier barde feiten en libbet noch altiten fierder yn in strjitsankje yn de Fryske havenstêd:
Tarara boemdiee
De blikken dominee
Die schoot met kruit en lood
Zijn arme naaister dood
Nu zit hij in de kast
Al aan een ketting vast
De jongens roepen luid:
Die komt er nooit meer uit
Dûmny Johan Barger naam yn 1888 in berop fan de Herfoarme Tsjerke te Harns oan en sette him dêr mei syn twadde frou Eilke Venema nei wenjen. Hy waard fereale op ien fan syn kategisanten, de 17-jierrige Cato Mirande (yn it boek Louise Wynalda neamd). De jongfaam kaam regelmjittich as naaister by it dûmnysechtpear oer de flier. Se krigen in geheime relaasje, dy't nei twa jier op dramatyske wize de ein fûn. Doe't Cato op in stuit har minnaar de wacht oansei, skeat dûmny har mei in revolver dea. Hy joech himsels by de plysje yn Harns oan. Brongers waard ta libbenslang feroardiele en ferstoar yn maaie 1900 yn de Ljouwerter finzenis.
Moard yn toga wie de sechsde en lêste roman fan de Harnzer KFFB-skriuwster G. Spaanderman-Wielinga (1899-1971). De skriuwster gie yn it boek frij mei de gronology om en brûkte de earste helte om oer de foarfaars fan Louise te fertellen. It waard troch de literêre kritisy net botte posityf ûnthelle, mar de lêzers fûnen it moai. It grutste suskes fan de skriuwster wie har roman It goudene ûleboerd (1956), dat yn 1986 in twadde printing belibbe en yn 1984 yn Burgum as iepenloftspul opfierd waard yn in bewurking fna Bertus Klazinga..
Oer it drama fan dûmny Barger en Cato skreau Simon Vuyk yn 2011 de 'true thriller' De blikken dominee.
Oaren oer dit boek
Oankundiging, Harlinger Courant 05-01-1968
Douwe Miedema, Friese Koerier 04-08-1969
Tr. Riemersma, Literair Kwartier, Rono, 28-09-1969
Marten Sikkema, LC 14-10-1969
N. Hornberg-van Driesten, Harlinger Courant, 17-02-1970
IM, Fleanende Krie, hjerst 1971
Aletta Schweigmann-Snoek, LC 27-05-2011