In man en in minske
durk van der ploeg
útjouwerij laverman, 1968

De fabryksarbeider Jan Monsma sjocht der hielendal gjin gat mear yn as er mei syn 65ste dien wurk krijt en de hiele dei mei syn fitse en neigeanderige frou by honk wêze moat. Alle opkroppe spanningen, alle gefoelens fan wearze en hate sykje dan in útwei. In man en in minske is de earste roman fan Durk van der Ploeg dy't oant it ferskinen fan dit boek benammen as dichter en skriuwer fan koarte ferhalen bekend wie. It is it ferhaal fan it tryste ferrin en de tragyske ein fan in houlik dat eins fan it begjin ôf alles yn him hie om te mislearjen.

Oaren oer dizze titel
Marten Sikkema, LC 14-12-1968
Tjitte Piebenga, Het Vrije Volk 14-02-1969
Trinus Riemersma, Trotwaer aug. 1969
Tsjêbbe de Jong yn Fries Mozaïek, LC 19-01-1971