De tredde perioade
ferdinand de jong
bornmeer, 2018
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
De tredde perioade is de sechsde roman fan Ferdinand de Jong. Om dit boek skriuwe te kinnen, makke De Jong in reis nei it noarden fan Sibearië.
De haadpersoan is Rodion Zakirov. Nei in ynsidint mei in soad geweld rekket er syn baan yn it leger kwyt. Yn de drege tiid dy't folget, wurdt er ferlitten troch syn freondinne Janna en stiet er der allinnich foar. Nei ferrin fan tiid nimt syn buorfrou Lara him op sleeptou. Hy ferhuzet nei Norilsk, boppe de poalsirkel, yn it uterste noarden fan Sibearië. Dêr komt er yn 'e kunde mei in stewardess Darya Orlova. Yn har soan Pavel blykt in talintfolle iishockeyer te skûljen, sa't ek Rodion oait dreamde fan in karrière yn dy sport.
Oaren oer dit boek
Sietse de Vries, LC 16-02-2018 (fraachpetear n.o.f. ferskining De tredde perioade)
Doeke Sijens, LC 06-04-2018
Jaap Krol, FD 16-06-2018
Lomme Schokker, Ensafh. 25-08-2018