de koma-korrektor
Baukje Zijlstra
afûk, 2018

De koma-korrektor is it proazadebút fan Baukje Zijlstra. Yn 2019 krige de roman de D. A. Tammingapriis

Betty Vonk is korrektor by in krante. Se skriuwt in boek oer it Indië-ferline fan har heit Siemen Vonk, mar dy rekket yn in koma. Siemen hat him yn 1945 tegearre mei syn freon Jappy oanmelden as oarlochsfrijwilliger foar Indië, mar hat dêr tidens in (nei letter bliken docht, needlottige) patrûlje wegere om de wei te ferlitten en op jacht te gean nei in pear slûpskutters. Yn 1948 moast er foar de rjochter ferskine, in feroardieling folge al gau.

Wylst Siemen – fertize yn hallusinaasjes – yn it sikehûs leit, giet Betty op ûndersyk út nei it wêrom fan dy wegering. Dêrby hâldt se kontakt mei har broer Benno, dy't yn Yndonezië analoge foto's makket foar it boek dêr't se mei dwaande is, ek Jappy foarsjocht har fan ynformaasje. Wilens is der by de krante in reorganisaasje geande dy’t Betty twingt sels ek in kar te meitsjen. Geandewei rekket se fertize yn de problemen en besiket se in útwei te finen.

Oaren oer dit boek
Rynk Bosma, De Moanne 07-03-2018 (fraachpetear)
Hedwig Terpstra, Ensafh. 18-04-2018 (fraachpetear)
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite 27-04-2018 (besprek)
Doeke Sijens, LC 04-05-2018 (besprek)
Jelma Knol, Ensafh jiergong 10, nûmer 3, p. 53-54
Gerbrich van der Meer, FD 19-05-2018