de wraak fan de puzelman
hedzer t. hooijenga
nieuwe kanaal, 2018
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Robert Carel van Melderen, in rike skevel, wol in grut bedriuw yn in doarp delsette. By de gemeente leit er syn betingsten op tafel. Sa wol er in grutte boukavel oan de râne fan it doarp om dêr in grutte filla op delsette te kinnen. Hy krijt syn sin, de gemeente wol sjoen it geunstige effekt op de wurkgelegenheid, net dwerslizze, hielendal as wethâlder Sikkema him omkeapje lit. Dêrmei begjint de ellinde foar de haadpersoan fan dit boek, de tredde roman fan Hedzer T. Hooijenga. Dy hat nammentlik in bargemesterij opboud en dat stjonkt. Algau komme de klachten fan Van Melderen. Gefolch is in heech oprinnend konflikt dat de bargeboer syn mesterij kostet. Mar dy lit it der net by sitte: hy wol wraaknimme. En sa fljocht der fan alles yn 'e brân...
Oaren oer dizze titel